dcsimg

Kraaneftigen ( Western Frisian )

provided by wikipedia emerging languages

De kraaneftigen (Latynske namme: Gruiformes) foarmje in skift fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), de ûnderklasse fan 'e moderne fûgels (Neornithes), de tuskenklasse fan 'e nijkakigen (Neognathae) en it boppeskift fan 'e nije fûgels (Neoaves).

Ta dit skift hearre in oansjenlik tal libbene sawol as útstoarne famyljes fûgels, mei 14 libbene soarten kraanfûgels (Gruidae), sa'n 145 libbene soarten ralfûgels (Rallidae), lykas de merkel (Fulica atra) en it reidhintsje (Gallinula chloropus), en in stikmannich lytsere groepen mei elts 1 oant 3 libbene soarten dy't benammen yn it tropysk reinwâld fan Súd-Amearika foarkomme.

De âldste fossilen fan dit skift stamje út it ier-Eoseen. Foarhinne waarden ferskate groepen ta de kraaneftigen rekkene dy't dêr yn modernere yndielings, basearre op DNA-ûndersyk út 2008, fan losmakke binne, wêrûnder de trapfûgels (Otidae), kagûfûgels (Rhynochetidae), sinneralfûgels (Eurypigidae), siselkloerfûgels (Cariamidae) en steltralfûgels (Mesithornithidae).

Skiftopbou

Boarnen, noaten en referinsjes

license
cc-by-sa-3.0
copyright
Wikipedia auteurs en redakteuren

Kraaneftigen: Brief Summary ( Western Frisian )