dcsimg

Einfûgels ( Western Frisian )

provided by wikipedia emerging languages
 src=
Einfûgel

De Einfûgels (Anatidae) binne in famylje yn it skift fan de Goeseftigen (Anseriformes), mei dêryn de Einen, Guozzen, Swannen en hast alle wetterfûgels dy't dêr op lykje.

Uterlik

Einfûgels hawwe allegear in wat plotsich lichem en koarte poaten. De fûgels binne oanpast oan it swimmen, it driuwen op it wetter, en foar guon soarten ek oan it dûken yn ûndjip wetter. Einfûgels hawwe swimfluezen oan harren poaten, en hawwe platte snaffels. Se bringe in waakseftige stof oan op harren fearren, sa't wetter dêr net trochhinne kringe kin.

Fersprieding

Utsein op Antarktika komme Einfûgels oeral op'e wrâld foar. Ferskate Einfûgels binne holden as húsdieren, foar de aaien of it fleis, mar fral ek foar de fearren. Hjirtroch binne by guon soarten njonken in wylde ûndersoart ek ien as mear nuete ûndersoarten ûntstien.

Besibbens

Ut DNA-ûndersyk docht bliken dat Einfûgels net fier ôf stean fan de Neornithes, de mienskiplike âldfaar fan alle fûgels.

Wylst der gjin diskusje is oer hokfoar fûgels krekt ta de Einfûgels rekkene wurde moatte, is der al in soad te dwaan oer hokfoar soarten krekt ta hokfoar skaaien hearre. Ek yndielings yn ûnderfamyljes kinne grutter ferskillen hawwe. De neikommende list is dêrmei mar ien mooglike yndieling yn skaaien; oare ynsichten kinne ta oare risseltaten liede.

Klassifikaasje

Keppeling om utens

  • Commons – foto, fideo en harktriemmen
license
cc-by-sa-3.0
copyright
Wikipedia auteurs en redakteuren

Einfûgels: Brief Summary ( Western Frisian )

provided by wikipedia emerging languages
 src= Einfûgel

De Einfûgels (Anatidae) binne in famylje yn it skift fan de Goeseftigen (Anseriformes), mei dêryn de Einen, Guozzen, Swannen en hast alle wetterfûgels dy't dêr op lykje.

license
cc-by-sa-3.0
copyright
Wikipedia auteurs en redakteuren